Us grutte belangstelling foar de tige behâldende Fryske streektaal, it Wangereagersk

Skreaun troch Ken Ho

Eltse taal lit syn eigen kultuer en skiednis sjen, al binne se allinnich tagonklik oan dejingen dy’t de taal op harrensels te wearderjen witte. Dit is gjin makkelike taak en ferget folle ynspanning fan ús om nei de oarspronklike foarm fan ‘e taal op syk te gean. Hoe minder ûntjouwingsfazen in taal ommers trochmakke hat, hoe tichter de taal by harrensels bliuwt. De gewoante en tinkwizen binne dêrtroch better bewarre yn ‘e taal, wat ús ek weardfoller ynsjocht jout oer ‘e minsken fan doe.

Sadwaande wie ik tige lokkich, doe’t ik in Fryske streektaal tsjinkommen wie dy’t praat wêze soe op in tsjinwurdich yn Dútslân lizzende waadeilân, it Wangereagersk op Wangereach.

Sadree’t ús taalprojekt syn ôftraap naam yn it begjin fan ús aventuer yn Fryslân, ha ik myn ynteresse yn it foarneamde behâldende Fryske streektaal buorkundich makke. Dat liet ik yn sawol de korrispondinsje as it earste gesprek mei Afûk mei klam witte. Benammen hold my de mooglikens yn ‘e besnijing, dat it Wangereagersk ús in foarbyld mei goed bewarre eigenskippen út it AldFrysk opsmite kinne soe. Dêrtroch woe ik graach yn kontakt brocht wurde mei in Fryske saakkundige hjiroangeande, menear Pyt Kramer.

Dat ik wat bydrage kin oan it herstel en de ynstânhâlding fan it Wangereagersk as in taal yn it gesinslibben, is my tige wichtich. Jammerdearlik waard it Wangereagersk yn ‘e fyftiger jierren fan it foarige iuw al útstoarn ferklearre. Dat barde fanwegen meardere streamoerfloeden, dy’t lang om let foar folksferhuzing ûnder ‘e Wangereagerske befolking soargen. It waard doe tocht dat it mar tydlik wêze soe. Mar ien kear dat de Wangereagerske sprekkers nei it fêste wal gien wiene foar feiligens , woene in protte minsken net mear werom. Geandewei kaam der mear en mear Nedersaksiske ynfloed fanút Dútsklân, wat derta liedt dat der hjoed de dei gjin libjende sprekker mear is mei it Wangereagersk as memmetaal. Derfandinne dat ik nammerste gruttere belangstelling ha, om yn oanrekken te kommen mei in deskundige op dat mêd, dy’t mei ús de taal nij libben ynblaze kin.

As inkelde bewyskes fan ‘e konservative aard fan it Wangereagersk wurdt it folgjende úteinset. Earstens steane de einlûden yn it Wangereagersk bûtengewoan tichteby harren oarspronklike foarm. Yn in ferskaat oan Westgermaaske talen binne ommers in protte wurden harren einlûden sûnder klam gewoanwei weirakke. Sadwaande binne de klamleaze einlûden harren dúdlike klankkleur kwyt en mei in “-en” ferfangd. Lokkich komt de ferswakking fan ‘e útspraak by de klamleaze einlûden net foar yn it Wangereagersk, it Yslânsk, Faeröersk noch Elfdaalsk. As in foarbyld út it Wangereagersk, nimme we it wurd “skip” yn it meartal oan, “schüpu”. Al is it lêste lûd yn “schüpu”, “-u”, klamleas, bliuwt it mei alle dúdlikens útsprutsen wurden. It hjit in spand lûd yn taalkunde, om’t it mei krêft en ynspanning útsprutsen te wurden heart. Dit stiet yn tsjinstelling ta oare Westgermaanske talen, dêr’t it klamleaze lûd syn útspraak al ferswakt is. Hjirút docht it bliken dat it Wangereagersk, tegearre mei it Yslânsk, Fêreusk en Elfdaalsk, tichterby syn woartels stiet as oaren.

Boppedat fertelt ús in ferliking fan it telwurd trije ûnder in ferskaat oan Westgermaanske talen in protte oer ‘e behâldende natuer fan it Wangereagersk. It is yn it Hollâank “drie” en yn it Dútsk “drei”, dy’t allebei gjin “th-” mear as bylûd ha yn ‘e oanfang fan it wurd . It wie doe net sa, en de “d-” bylûd is mar in ferienfâldiging yn in letter stadium. Krektoarsom is it behâldende bylûd “th-“ yn folle wurden yn it Wangereagersk bewarre bleaun. Teffens is it Wangereagersk de iennichste Westgermaanske taal oan de eastkant fan ‘e Noardsee dy’t sa behâldend is. Fierder mei it foarbyld fan it telwurd trije, dat yn it Wangereagersk as “Thrê” te oersetten is. Dit feit ferwiist nei de konservative natuer fan ‘e taal.

Mei it each op ‘e konservative eigenskippen fan it Wangereagersk, en op ‘e mooglikens dat dy as in húshâldingstaal op it eilân Wangereachs hersteld wurde kin, waard ik tige teloarsteld, doe’t ik te hearren krige dat Menear Pyt Kramer net op Afûk syn kontaktlist stie.

En dit betsjut dat der noch mear dien wurde moat om it Wangereagersk yn eare te herstellen.De earste kear dat it yn ‘e twadde helte fan it foarige iuw teloargie, wie in sûnde al. Dat lit ik himsels no net mear wjerheljen, en ik hoopje de taal as gau as mooglik nij libben yn te blazen, sa’t se wer in gongbere taal yn it gesin wurdt. Hoe langer it duorret dat it net mear sprutsen wurdt, hoe ûngeunstiger de taalsituwaasje foar it Wangereagersk derút sjocht. Dús is it eins in wedstriid tsjin tiid. We moatte net mear wachtsje mar aksje ûndernimme.

Myn foarnimmen is dús no âlderdúdlikst: Earstens geane ik it Wangereagersk leare. Dit lit my sjen of der algemien sjoen genôch materialen besteane foar in eventueel herstel fan ‘e taal. Twaddens doch ik oan in ûndersyk om nei te sjen hoe’t de taal as in húshâldingstaal hersteld wurde kin.

We sjogge graach nei gearwurking út mei oaren dy’t oer kennis yn it Wangereagersk beskikt. As je kontakt mei menear Pyt Kramer ha, dan moatte je it ynienen mei ús diele. Tige tank yn ‘t foar!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s