Et fegetten geesteneilôn: et Gryn

Schruouwen trog Ken Ho

Yn folle dingen is et Schyljelôn butengewoan. Se onderscheit har net ollinne trog de twae tige behôdende Frise kritetalen, et Aasters in et Westers, mar ik trog un oanfoljende waadplaat, un gearstelling di bi oare waadeilonnen net forkomme. Schyljelôn yn syn geheel besteet ommes út sowol et waadeilôn Schyljelôn as ik un lytse waadplaat, et Gryn.

Dot er heendol so’n lytse waadplaat besteet, is folle minsken net bekond. Oan ‘e iene kônt, is et Gryn so lyts, dot et sels net to un waadeilôn te rekkenjen folt. Et wodt ommes oannomd dot un waadeilôn so great wêze mot, dot et bi trogenkorm hiig wetter teminsten 160 hektare net trog ‘e Nordsee oerspield rakket. Sodwaande wodt et oer ‘t algemien as un waadplaat of sônplaat sien, di beide un ophoping fon sôn op ‘t waadgebied beteikenje. Mar oan ‘e oare kônt fertsjinnet et Gryn syn namme as un waadplaat doebel un dwès. Et is ommes so, dot wyl oare waadeilonnen op ‘e rôn fon ‘t waad leze, et Gryn krek binnen ‘t waad leit. Mar dut leidt ik evenwol to syn gefoelighyd oan stikken wetter fon ‘e waadsee, di trog eauwen hinne de waadplaat yn grettens soetsysoan werombrôcht hat. Nei un schatting ein fjittiende eauw bedroeg et Gryn nog 165 hektare, ol noom et Gryn syn grettens mar to 25 hektare oof yn ‘t begin fon ‘e njuggentsjiende eauw. Algaauw begonen minsken bang te wêzen for syn forbestean. Sodwaande foon de easte sôntofoeging plak yn 1958, in wodde er un sônwol yn sowol 1973 as ik 1988 delleid. Sont di tiid begoon de waadplaat just oan te groeien, in bedroeg tsjinwerrig omtrint 100 haktare yn grettens* op ‘e roai oof.

Messchien sil jim noe freie, “wot is don so besonder mei de waadplaat noe? 100 haktare is ommes neat?”. Tsjinwerrig sien hat et Gryn warachtig net folle oan te bidden. Beholven as un natoergebied wer un great oantòl foegels har yn fescheine sorten bi hiig wetter fon ‘e waadsee gerje, in derom as un útstekkende plaats wer natoerjefhawwers in wittenschippers de foegels har gewoante waarnimme konne for fiddere stúdzje, wodt et Gryn as un lytse waadplaat net folle mear gebrukt.

Mar onder et Gryn syn boom in onder syn omlizzende wetter, leit un geheim dot mei net folle minsken deeld wodt.

Neffens Pier Winselmius, un geschiedschruwer in un onderwizer fon ‘e sôntsjiende eauw, syn werk oer Fryslôn Chronique ofte historische geschiedenisse van Vrieslant

bestie er un gemienschip onder ‘e midseauwen op et Gryn, “Stedeke Gryn” (et Stêdsje Gryn). Om’t et werk net yn uus tsjinwerrig gongbere latynse schrift, mar et Goatsche schrift schruouwen wodde, is de deryn ynhôn ynformaasje min togonglik oan ‘e onynwijden. Mar dut nomt er neat oan oof, dot er op et froeger nog folle grettere waadplaat, teminsten honderden Grynners wennen. So joon Pier Winselmius yn syn schrift wer, dot er om 1220 hinne grochten in wollen bouwd wodden om ‘e Grynner stêd op et waadeilôn fon doe te beschermjen tsjin stikken wetter fon ‘e waadsee. Fidder wannen er ik teminsten un hige school in un kleaster te finen. Et is derom net frimd om et Gryn fon doe un “waadeilôn” te noemen, yn plaat fon mar un waadplaat, om’t et gret genoog wae om minsken op him wenje te litten in ik un selsstôndige gemienschip opbouwe te litten. Er wodt sels seid, dot et Gryn bekond stie om syn tsjies. Dut set mi mei-iens oan et tinken oan ‘e Schyljonner tsjies di ik proeget ha. Wannen de grynner boeren likefolle freonlik in gol as ol di minsken op Schyljelôn di ik moete ha? Ho sagen se er ollegear út?

Mar noe dot Gryn un lytse waadplaat is dot ollinne trog foegels bewenne worre, frei ik mi oof, wer se noe heendol hinne gien bin, de gebouwen in de minsken op uus Grynner Stêdsje?

Op ‘e noadlottig dei fon 12 desimber 1287, wodde et stêdsje Gryn oerfollen trog un gigantische floed, de Sint Lusiafloed. Mar binnen un nacht gie olles fot. Fon minsken in gebouwen, oant de Grynner taal, kultoer un geschiedenis, bljoegt er neat oer. Olles hat onder et wetter kroept. Dut greatschalige ferlies fon minskenlibben in kultureel erfgoed liet Jacob van Leeuwen, un Nederlônse schruwer, sjean yn syn werk yn jier 1834, It aade Friesche terp, of Kronyk der Geschiedenissen van de vrye Friesen. So schruouw hi, “In den jaare 1287 waayde het zo een geweldige stormwind (…) Van het stedeke Gryn bleeven geen 10 huizen staan, en het getal der verdronkene menschen was wel 80000.” Syn opmerking fynt syn ienklang bi oare histoarisi. So wodde yn et boek Algemeene statistiek van Nederland publisearet yn 1870 schruouwen, ‘ ‘t Stedeke Grijn is zoo nae weggespoeldt, datter geen thien huysen bleven staen Muyren, Wallen, de Kerk ende alles is vernielt.”

Hirút dogt et wol bliken, dot et Stedeke Gryn, un oait wolfearende stêd mei morren, wallen, un tsjerk in oare gebouwen, op un nacht yniens fedwoon hat, tegeare mei olle et Gryns sprekkende minsken di likefolle as Schyljelôners om har tsjies bekond stinen.

Wi Sinezen ljouwe deryn, dot as minsken net mei un natoerlike dea ferstjerre, mar fonwegen onferwachte oarsaken di har har libben ontnomme, har sielen of geesten langdorrig op di plaats bljoeë sonnen. Un huus wer ien deaschetten wodt, wodt un geestenhuus, wer ien nachts et gúljen fon ‘t slachtoffer syn boase geest heare kon. For un plaats wer minsken deariden worre, bljoeë deromhinne don ‘e slachtoffers har geesten te wanneljen, om’t se har fedriet nog net folslein fewerkje konne. Dut makket don noadsaaklik, dot de libjenden genoog respekt oan ‘e deaden sjean litte, trog te offerjen. Wierook, onderwerpen di trog papier makket worrde, in ik iten heare derto, om geesten te treatsjen. Sodwaande fiele se har minder boas, un gefoel dot út un onfewachte dea fondinne komt. Togelyks kri de offerjende minsken ik bescherming tsjin sjeekte in ongelokken di trog oare boaze geesten feroarsake worre. As jim om geesten jo, jo de geesten ik om jim.

Jammerdearlik steet de bêrens op et Gryn minsken net folle bekond. Meidot et tsjinwerrige waadplaat him mei un feat fon 7 meter jiers yn súdaastlike ruchting beweegt, bljoeë de doedestydse Grynners har liken in de gebouwen derachteroan onder et wetter. Is er un wertinkingsdei oan har towijde? Nee. Ha minsken der un poging oan dien om ‘e ferongelokte geesten te treastsjen? Nee, teminsten nei et jier fon 1912, doe er op et Gryn de Foegelbeschermingwet jildig makket wodde. Derfor komen Schyljelôners as un gewoante op Gryn te aaisykjen, sodot se de kôns nog hinen om mei har ooffaars om te gean. Mar sont di tiid wodde et Gryn net mear togonglik for et publyk, sodot de Grynners har sielen heendol yn ‘e see achterlitten worre bin.

Ik kon mi fonsel forstelle ho iensaam se har fiele motte. Dizze iensaamhyd kon him algaauw ontwikkelje to wraaksuchtig gedrag, dot wi Sinezen uus bêste do om te mien trog te offerjen in te ferearen. Ol ha geesten der ik felet fon om fesoarge te worren, lykas minsken, di oltyd op syk nei waardering in befêstiging bin, wenje geesten yn in oare weareld as wi. Se bin ommes butennatoerlike wêzens di tige machtig bin. Yn har weareld is un sosjale struktoer te finen di op uzen liket. Wi ha uus regearing, sodot de lytsere wêzens har eigene Goaden ik ha. Omdot et Gryn op ‘e waadsee leit, worre olle Grynners har geesten nei olle gedachten to Frise Goad Fosite towijde, di de see oerhearsket. Fosite is un Frise Goad di yn febôn steet mei de ruchtspraak. As un Goad di de see onder syn kontroale hat, hat hi ik te maitsjen mei katastroafen di op ‘e see plakfine. Oerstroming, floed in oare ferampenearingen di út de see fondinne komme, bin to te wijden oan ‘e wraak fon Fosite, di et wolwêzen fon syn onderdienigen, de geesten op ‘e waadeilonnen as foarbyld, fesoargje mot. As wi noe nog gin aksje ondernomme sille om de Grynner geesten te treatsjen, don sille se algaauw op uus oofkomme om te freien nei wot se fetsjinje, uus oandacht in begrip. Dut bêrt faak trog rampen di folle libben koste.

Et folt iderien swier om te witten dot soks so’n lytse waadplaat oerkomd is. Mar nog swidder is dot omtrint ginien er op ‘e hiigte fon is. Un eilôn wodt pòs un geesteneilôn wannear et heendol yn fejitnis rakket is. Mar geesten bin net onferonderlik fúl. Se bin ommes ollinne op syk nei uus oandacht in wol uus et berucht bringe, dot se oait bestien hat.

Litte wi mar elke dei oan et Gryn tinke, om et fon un fegetten geesteneilôn om te foarmjen to un eilôn dot de waadsee for olle Friezen op ‘e waadeilonnen feiligstelt.

Oanteikening:

*Et Gryn syn tsjinwerrige grettens wodt ynschot mei help fon satellytkaat. Trog de waadplaat oof te mitten op ‘e kaat, dogt et wol bliken dot et Gryn omstrint 1 fjouwerkonte kilometer. Nei omrekkening bedraagt de waadplaat syn grettens 100 hektare.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s