Hoe gaat het met Ken Ho’s Aasters in maart 2017?

Interview door Dyami Millarson

DM: Hoelang heb je erover gedaan om het Aasters te leren? Wanneer ben je begonnen? Hoe schat je nu je taalvaardigheid in? 

KH: Ik ha er ol omtrint seks maanden oer dien om et Aasters te learen, dut om’t ik et tussentrog drok hie om myn onderfining yn Fryslôn te boek te stellen. Ik begoon mei-iens yn oktober 2016 mei et learen fon ‘e moaie taal neidot ik weromkoom fon myn reis nei Fryslôn. Ik kon noe ol goed schruwe in leize, ol mot ik nog even oefene mei et sprekken. Forol sjo ik ernei út om faker mei Aasters-sprekkers yn kontakt te kommen, om myn lúster- in sprekfeadighyd te febetterjen.

DM: Wat voor artikels schrijf je of wil je schrijven in het Aasters? Wat voor soort onderwerpen wil je het Aasters voor gebruiken? Kun je wat vertellen over de artikels die je al geschreven hebt? 

KH: Yn et Aasters wol ik forol artikels schruwe di te maitsjen ha mei de taal, kultoer in geschiedenis fon ‘e gemeente Schyljelôn. Ik fyn et tige belangryk om sowol oer et behôd fon ‘e Aasterse taal te schruwen, as ik oer de Schyljelôners har gewoanten in har feline te schruwen. Nammentlik wol ik de Aasterse taal yn febôn bringe mei olles dot te finen is op Schyljelôn. Trog myn artikels te leizen worre minsken har dus bewust fon ‘e besondere sfear op Schyljelôn, un waadeilôn mei syn eigen taal, kultoer in geschiedenis.

Oant noe to ha ik mar trea artikels yn et Aasters schruouwen. Et iene geet oer ‘e Sunderum feest op Schyljelôn, dot jiers op 6 desimber plakfynt. Fidder ha ik et ik oer et Gryn schruouwen hôn, un lytse waadplaat di bi et Schyljelôn heat. Dernêst schruouw ik oer un nysgirrige moeting mei twae Sinezen op 19 maart 2017 yn ‘t Aasters, un dei doe wi un yn Hongkong bekonde Sineze timpel besôchten.

DM: Hoe is het om artikels in het Aasters te schrijven? Kun je wat meedelen over je persoonlijke ervaringen tot nu toe? 

KH: Om artikels yn et Aasters te schruwen, is fonsel gin maklike ondernomming. Forol is et Aasters tige oars as et Standardfrys, yn sowol et wêdenschat as ik ‘e tiidwêden. Fodot wi op ‘e twae noemde gebieden yngean, konne wi mar beginne mei et maklikere deel fon et schruwen, de geluudkorrispondinsje.

Sprekkers fon et Hollôns nomme faak waar dot et standardfrys fidder achter ‘e kiel útspritsen wodt as har taal. In dut is nog mear so bi et Aasters. Et “a” geluud yn folle wêden yn ‘t standardfrysk wodt trog un “o” geluud fefongen. Sodwaande ha wi “ol” for “al”, “lôn” for “lân” in so fothinne. Fidder is et Aasters syn schruwwize trouwer oan ‘e útspraak as et Standardfrys, wot et stomme geluud “r” oangeet. Nom mar as foarbyld et wêd yn et Standardfrys, “bern”. Ol wodt et as /bɛ:n/* útspritsen, dot wol seze sonder un “r”, wodt de letter r net fothallet. Dut steet yn tsjinstelling to et Aasters syn spelling, om’t mei deselde útspraak er “ben” for schruouwen wodt. Fidder ha wi “kaat” /ka:t/ yn et Aasters for “kaart” /ka:t/ yn et Standardfrys, “kes” /kɛs/ for “kers” /kɛs/ in so fothinne.

Et wêdenschat feschilt ik gret tussen de twae talen. Sels worre famyljeleden oars oanspritsen yn et Aasters as yn et Standardfrys. Tae is “heit”, mim is “mem”, poeë is “beppe” in paeë is “pake”. Fidder fyn ik Aasterse wêden tige maklik te begripen. Wot wi un “kapper” yn et Hollôns noeme, is un hieknipper, in wot wi un “ferhaal” yn et Standardfrys noeme, is un feteltsje. Un “ferhaal” is ommes wost fetelt. So is et ik logys dot er fon “fetelsjyes” spritsen wodt, yn gefollen wer et Standardfrys syn sprekkers fon un “ferhaal” sprekke.

Opfollend bin de tiidwêden, di meestentiid un heendol oare fefoeging konne. Yn et Hollôn ha wy et oer “houden, hield, hielden, gehouden”, yn et Standardfrys “hâlde, hold, holden, holden”, mar yn et Aasters “hôde, houw, houwen, houwen.” Fidder kri olle Aasterse deelwêden di net op et “-n” eindigje” un “-t” of un “d”, ol is et de gewoante for et Standardfrys om er neat oan to te foegjen. So ha wi “makket” for “makke”, “seid” for “sein”, “follet” for “folle” in so fothinne.

Fonsel is er folle dingen mear yn rekkening hôde te motten as ik yn et Aasters schruw, ol ljouw ik hir foldwaande advys oanjoon te haen oer et schruwen fon deuze moaie taal. Et geet er ommes op del dost mear oefene most. Sodwaande geet et fonsel mei et schruwen.

*Oantekening:

Letter tussen hakjes jo un wêd syn útspraak werom mei de ynternasjonale fonetische schrift (IPA yn et Engels).

DM: Wat is je methode of aanpak om in het Aasters te schrijven? Wat zou je de mensen aanraden om te leren schrijven en lezen in het Aasters? 

KH: Myn oanpak is forol folle te leizen. Elk boek dot ik krie kon is tige waardefol for mi. Er is ommes net folle materiaal yn et Aasters. Dus maitsje ik oltyd eastens un list di fescheine op-enkorm lykjende wêden nêst enkorm plaatset. Ik wol hirtrog nammentlik de regelmittighyd ontdekke, di mi helpe sil om nie wêden har mooglike foarm te rieden. Stel mar for dost et wêd for et Hollôns “vermijden” yn et wêdenboek net fine konst. Fidder nim mar oan dost et wêd for “mijden” wist, in dost wist dot un stomme “r” net yn ‘e spelling steet, don konst ol beginne om un ni wêden te maitsjen. Dut nomt et net fot, dost et yn rekkening hôde most dost et Aasters, lykas oare Frise kritetalen, syn tiidwêden folle mear beteikenje as syn Hollônse tsjinhanger. Sodwaande kon et tiidwêd “mie” nei olle gedachten sowol “mijden” as ik “vermijden” yn et Hollôns. Dut komt er ommes op del, dot “vermijden” un presizer tiidwêd is as “mijden” yn et Hollôns, wot bi et Aasters net forkomt.

Un stelselmittige stúdzje fon et Aasters ried ik olle ynteresseare minsken oan. Et is ommes makliker for et Aasters syn besonderhiden om forendag te kommen, as et nêst syn fewonte talen bestudeare wodt, lykas et Standardfrys in et Hollôns. Trog se mei-enkorm te fegelykjen, kom jim algaauw et Aasters syn besondere eigenschippen te waarderjen. Dernei komt et leizen in et schruwen fonsel.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s