In besûndere dei (4 – 4 – 2017)

Skreaun troch Ken Ho

Lekkerijen moatte op ‘e nij preaun wurde. Fanmiddei giene wy nei Erawan Thai Restaurant om oare gerjochten te priuwen . Foaral fine wy it iten dêre tige sûn, wat my oan it tinken set oan myn noflike ûnderfining yn Fryslân, myn dreamlân. Wy ha twa iten en twa drankjes besteld, nammentlik rierbakke noedels mei seedierte yn hjitte Basil en Chilli, rierbakke oesteraaitaart op in hjit izerbord, kâlde kokonoat-melk mei Sago en sûnder Sago. Wy hiene folle mei-inoar praat en it wie tige gesellich. Dat wy alles mei-inoar dielden, sit wol djipwoarteld yn ‘e Fryke mentaliteit.

DSC_1276 (1).JPG
Ofbylding: Rierbakke oesteraaitaart, dy’t op it hjitte izerbord noch oan it koaitsjen wie. De soere saus derby giet útstekkend mei de oesteraaitaart.
DSC_1286.JPG
Ofbylding: Rierbakke noedels mei seedierte yn hjitte saus. Ik ha nea soksoarte dikke noedels sjoen!

Nei it iten giene wy nei de Hung Shing timpel yn ‘e omjouwing yn Ap Lei Chau. It is de âldste timpel op dit gebied. Wy rûnen derhinne, en moetten in ferskaat oan Goaden deryn. Der wiene twa lange pealen bûten ‘e timpel, dy’t my wol oan meibeammen oan it tinken sette. Yn folle Jeropeeske lannen wurde meibeammen moai fersierd by it begjin fan ‘e simmer. Deromhinne dânsje minsken yn in ritueel foar fruchtberens. Yn it besûnder hjit dit ritueel op Skiermûntseach “kallemooi” yn it Skiermûntseagersk. Mei in hoanne boppeoan de meibeam, wurdt de beam troch manlju optild en yn grûn fêstlein. Dan giet it feest trije dagen troch. Geselliger kin it net wurde!

DSC_1375.JPG
Ofbylding: Ien fan ‘e twa hege pealen dy’t bûten Hung Shing Timpel yn Ap Lei Chau stiet

Doe’t wy de timpel binnenkamen, moetten wy in âlde man dy’t ús holp de timpel te ferkennen. Sa learde er ús dat wy ús linkerhân brûke moasten om de kesen op te offerjen. “De linkerhân stiet yn ‘e teken fan skientme en sûverens.” Sei er, doe’t er ús foardie hoe’t wy offerje moasten. “As earbied moat men dús gjin rjochter hân brûke, dy’t alle minne dingen begean kin.” Wy kochten in oar pakketsje kesen bi de timpel, en it kostte mar 10 dollar (in bytsje mear as 1 Jero). Wy diene foar eltse Goad trije kesen, hoopjend dat alles mei ús projekt goed ferinne sil. Wy ha ek nei it brûk fan de  trommel en de bel frege. “Dat slaacht men mei in stokje as men fuortgiet.” Andere de man. “Sadwaande wurde de Goaden op ‘e heechte steld fan jim oankomst en offerjen.” Goaden binne ús freonen, en wy moatte ús ferhâlding mei harren waarm hâlde.

DSC_1348.JPG
Ofbylding: De pot dêr’t men mei baarnende kesen oan Goaden offerje kin

 

DSC_1388.JPG
Ofbylding: In freonlike meiwurker yn Hung Shing Timpel

 

DSC_1408.JPG
Ofbylding: Oan Goaden offerje mei de linkerhân, dy’t skietme en suverens fertsjinwurdiget
DSC_1448.JPG
Ofbylding: De trommel en de bel, dy’t Dyami sloech om oan ‘e Goaden witte te litten dat wy harren besocht ha.
DSC_1456.JPG
Ofbylding: It feestenboek dat alle wichtige feestdagen foar ‘e Sineeske godtsjinst werjout

Nei goaden yn ‘e timpel moete te hawwen, woene wy bergen opklimme. Dit fûnen wy nammerste wichtiger as hjoed de Sineze Ching Ming festifal wie. Sa keazen wy foar “Yuk Kwai Shan”, in berch dy’t ús tichter by de Goaden op ‘e himmel bringe koe. Ien kear dat wy it heeechste punt fan ‘e berch oankommen wiene, seach ik de see troch dy’t Ap Lei Chau fan Lamma eilân skaat. It heugde my ynienen oan myn reis nei Skylge. Doe’t ik oan ‘e râne op ‘e fearboat siet, seach ik nei alle lytse dúntsje om ús hinne. Dy útsicht wie prachtich, en ik wol wol grif nochris werom nei Skylge om de reis nochris mei te maitsjen.

DSC_1474.JPG
Ofbylding: In oare peal dy’t yn it midden fan ús berchklimmen stiet

Ear’t wy echt nei bûten iten giene, dûsten wy en droegen wy pakken. Boppedat die dyami in doekje yn ‘e bûs op syn pak. It waard as in blom fâlde en seach der tige moai út. Wy giene ommers nei in bekend Frânsk restaurant dat trije stjerren krigen hat by de Michelin gids Hongkong en Makau foar seis oanienfolgjende jierren. It hiet L’atelier de Joël Robuchon, en syn oprjochter is fanself menear Joël Robuchon, dy’t as “de sjef fan ‘e iuw” bekend stiet. Fol entûsjasme kamen wy de sierlike yngong fan ‘t restaurant oan, dat in eigen roltrep yn ‘e winkelsintrum, the landmark, hie.

DSC_1572.JPG
Ofbylding: Oanwizing nei it gebou “Landmark”, dêr’t L’atelier de Joël Robuchon him befynt.

De tsjinst wie fan ‘e earste klasse. It iten is foljend, de minsken oangenaam, en de omjouwing prachtich. L’atelier betsjut yn ‘e Frânsk “wurkpleats”, en yn dit gefal wie it de keuken dêr’t wy de kokken koitsjen sjen koene. De ynrjochting brûkte de swarte en reade kleur. Sadree’t wy troch de roltrep nei boppe kamen, fielde ik al in tige sterk waarm gefoel. It like as wie it tige kâld derbûten, en no giene wy no nei binnen om wat waarms te iten.

DSC_1575.JPG
Ofbylding: de nammen fan L’atelier de Joël Robuchon op syn menukaart

Hjir krigen wy net allinne it iten foar ‘t betelle jild, mar ek folle ynteressante gesprekken mei de obers. Wy kamen om achter oere jûns oan, en de hiele jûn brocht wy mei folle geselligens troch. Wy sieten eins rûnom in soart toankeuken, en seagen kokken deryn wurkjen. Tusken de klanken en de kokken wie der de gong, en der rûnen de obers omhinne. Sa kriget eltse klant syn eigen tawiisde ober, dy’t altyd ree stie om jin te tsjinjen. Us ober hiet Andy, in tige oangename jongen dy’t goede oanrieding foar alles joech.

DSC_1596.JPG
Ofbylding: In tige ynteressant gesprek mei ús ober Andy

Sa hiene wy earstens “Le Black Cod” en “Le Homard Frites” besteld. Unferwachte kaam der in grutte bôlekoer foar ús. Dat wie in hiele fernuvering foar my. Wy krigen no ommers wat mear as der op ‘e menukaart stie. Der wie folle fan te kiezen, en ik hie der folle fan geniete. Andy fertelde dat it soart bôle eltse dei oars wie. Ik iet earstens twa tige knapperige bôlen op, dy’t de japansk saus wasabi hie. Foaral om’t it noch hjit wie, briek de bôle ynienen yn myn mûle doe’t ik it kaue. Troch de hiele priuwerij fan ‘e gerjochten, die ik altyd wat bôle derby. It wie tige foljend.

DSC_1590.JPG
Ofbylding: In ûnferwachte bôlekoer dy’t sêfte, hurde, knapperige en smaakfolle bôlen oanbiedt
DSC_1588.JPG
Ofbylding: De bûter dy’t ynienen yn ‘e mûle smeltet

Dan krigen wy nog in foargerjocht dat net op ‘e menukaart stie. It wie de aaiensop, dy’t folle brobbels hie. Tegearre mei in moai fersierd stienbord dêr’t de sop op stie, like it op in kunstwurk. It wie in bytsje sâltich en hiemyn ytlust foar ‘e haadgerjocht allinnich mar fergruttere.

DSC_1600.JPG
Ofbylding: In ûnferwachte foargerjocht. De aaiensop tegearre mei it moai fersierde stienbord liket op in kunstwurk

Noe kamen de sânfisk en de seekreeft oan. Der wiene ek Frânske patat mei mayonêze en ierappelssmots derby. De sânfisk, sa hiet it le Black Cod op ‘e menukaart, waard omjûn troch in japansk blêd, Hoba. Andy sei dat de kok de fisk al om trije oere middeis yn ‘e blêd mei de japanske miso saus dien hie. “Wy kochten de hiele grutte sânfisk, al brûke wy allinnich it lekkerste diel derfan om it gerjocht mei te meitsjen.” lei de ober laitsjend út wêrom’t it gerjocht djoerder wie as men ferwachtsje soe. Hy wiisde ús op de fiskôfdieling dêr’t de fisk ferwurke waard. “Hjir wurde ferskillende yngrediënten yn ferskillende ôfdielingen ferwurke.” foege er ta.

 

DSC_1605.JPG
Ofbylding: De lekkerste dielen fan in sânfisk fâldze yn Japansk Hoba blêd yn miso saus. De fisk is tige smaakfol en smeltet ynienen yn ‘e mûle.

De sânfisk smelte gewoanwei yn myn mûle. Ik learde teffens de seekreeft iten, dy’t lokkich al sa reemakke wie dat ik gjin hân te brûken hoegde. “Dy moatst earstens it fleis mei de mes fêsthâlde. Mei de fork draaist it fleis om, dan krigest it der fanself út” lei dyami út hoe’t ik dat ite moast. Yndie sprieken wy allinnich yn it Nederlânsk en it Frysk, dat oare minsken ús net fersteane koene. Sa hearde ik út en troch minsken it Frânsk praten, al wie it Ingelsk gongberder ûnder oare klanken.

Wat de Frânske patat oangie, tink ik dat de Nederlânskenien lekkerder is. Al seach de tige tinne Frânke patat skattich út, hie ik eins mear sin yn ‘e patat dy’t ik ienris yn in ‘e Doffer restaurant yn Amsterdam preaun hie. Boppedat wie de patat yn in fiskwinkel yn Ljouwert ek tige lekker.

 

DSC_1609.JPG
Ofbylding: De Frânske patat. Persoanlik fyn ik de Nederlânskenien folle grutter en dûs lekkerder.

De seekreeft wie knapperich oan ‘e bûtenkant, mar sêft oan ‘e binnenkant. Lykas de sânfisk, wie it tige soppich. Der wie wat griene saus al yn ‘e seekreeft tafoege. Nei’t it grild wie, makke de saus de smaak fan ‘e seekreeft allinnich sterker. Alles waard perfekt mei-inoar ferienige.

DSC_1608.JPG
Ofbylding: De mei griene saus grilde seekreeft. It is knapperich oan ‘e bûtenkant, wylst it soppich en sêft oan ‘e binnenkant.

Op it lêst bestelden wy noch wat neigerjochten, le chocolade sensation en La banane. Ik fernuvere my doe’t se oankamen. La banane wie eins banenen yn fanylje yske, dy’t allegear ûnder in sûkelade koepel stiene. Doe’t der wat hjitte sûkelade floeistof fan boppe skonken waard, begûn de koepel ynienen te smeltsjen. It hiele proses wie prachtich. Boppedat gie it kâlde yske mei waarme sûkelade saus útstekkend. De banaan is wol lekker! Opfallend wiene der wat balletje op ‘e bord. Se wiene wol hurd, mar koene opiten wurde. Wat in moai kunstwerk it wie! Dyami’s neigerjocht is ek lekker. De sûkelade wie poerbêst. De kokken makken safolle fan ‘e neigerjocht ytber, dat faak de hiele struktuer opiten wurde koe.

DSC_2673.JPG
Ofbylding: La Banane, dêr’t de koepel fan fuortsmeltet sadree’t der fan boppe wat waarme sûkelade saus skonken wurdt
DSC_2675.JPG
Ofbylding: Le chocolade sensation. De sûkelade is poerbêst

Fernuverjend wie dat der noch mear oankaam. Wy krigen in lyts oanfoljend bord fol sûkelade derop as gift. Boppedat hiene wy in pakketje mei in spesjaal foar ús makke bôle dy’t wy thúsnimme koene. Wat bedachtsum wie L’atelier de Joël Robuchon.

DSC_2688.JPG
Ofbylding: Ekstra sûkelade as gift. Dy sûkelade hat in hurde hûd, al is it binnen floeiber.

Wy hiene folle moaie werinneringen oan dit prachtige restaurant. Andy sei dat L’atelier spesjalisearre wie yn winen. In ferdjipping ûnder hiene se in hiele grutte wynbank, dêr’t flessen wyn sa âld as fan ‘t begjin fan ‘t foarige iuw te finen wiene. Sels wêr’t wy sieten, wie der folle wynflessen te sjen. Wy hiene der syn yn om folgjende kear it restaurant nochris te besykjen. De leuke gesprekken, de lekkere gerjochten, de giften, de freonlike en behelpsume obers, en foaral de skjinne en oarderlike omjouwing dy’t in waarm gefoel joech, makken ús ûnderfining by L’atelier de Joël Robuchon sa noflik en sa besûnder.

DSC_2703.JPG
Ofbylding: De roltreppen foar ‘e yngong fan L’atelier de Joël Robuchon

Foar allinnich mar HKD 1,727 (208 Jero) ha wy safolle tsjinsten krigen dy’t ús jûn sa besûnder makke. Dit hat perfoarst te tanksjen oan Menear Joël Robuchon. Andy sei dat Robuchon weigere hie om folle mear stjerren foar syn iten te krigen yn ‘e Michelin gids. Dêrtroch kaam hy foar dat syn lekkere iten te djoer waard. Boppedat foarsist hy de feroaring yn ‘e ytgewoante ûnder ‘e minsken yn dizze jierren, en hat folle sûn iten oan syn menukaarten tafoegje litte. Mei syn barmhertigens en júste foarútsjoch, hat er al restaurant iepene yn folle lannen. Yn totaal hat er 28 Michelin gids stjerren krigen. Hjir hat er ús respekt fan herte oan. We sille syn oare restauranten yn ‘e wrâld wol grif besykje!

DSC_2718.JPG
Ofbylding: Wy ús twaen. Oan’t sjen, L’atelier de Joël Robuchon!

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s