Tentoanstelling yn Wyntoepark yn Ap Lei Chau (7-4-2017)

Skreaun troch Ken Ho

Der bestiet gjin bewiis dat sterker is as aksje te ûndernimmen. Sa ha wy fanmiddei op ‘e nij Erawan Tai restaurant besocht foar syn lekkere iten. Opfallend wie dat kliïnten fanôf tolve oere middeis oant trije oere neimiddeis ien drankje gratis krigen. Sadwaande wie it hjoed yn ‘e winkel smoarchdrok. Om ús hinne sieten minsken dy’t ûnduldich wiene foar harren bestelde iten. Wy fûnen it wol noflik en gesellich. Sa bestelden wy foar gerjochten (i) Tai-styl hjitte noedel mei hinnefleis en (ii) Noedel yn Tom Yum sop, en foar drankjes (iii) kâlde kokonoat-molke mei reade beannen, en (iv) kâlde kokonoat-molk. It gerjocht Tai-styl hjitte noedel mei hinnefleis wie poerbêst. Net allinnich wie de noedel tige knapperich, wie de smaak ek somtiden soer en somtiden hjit. Wy krigen in griene sitroen, hjitte poeier en hakke noaten derby, sa’t wy de smaak fan ‘t gerjocht oan ús foarkar oanpasse koene. Dat fûn ik besûnder. Sels ûnder sokke drokke omjouwing waard de kwaliteit fan it iten ommers op peil hâlden. De Noedel yn Tom Yum sop wie ek lekker. Tegearre mei de twa kâlde drankjes wiene wy allegear fersêdde rakke.

DSC_3223.JPG
Ofbylding: Tai-styl hjitte noedel mei hinnefleis. It is like smaakfol en lekker as foarige kear.
DSC_3220.JPG
Ofbylding: Noedel yn Tom Yum sop. Dit gerjocht stiet bekend om de folle hjitte krûden yn ‘e sop
DSC_3225.JPG
Ofbylding: Us feest! Wy diele alles mei-inoar en it is tige gesellich

Nei it iten kamen wy by in lytse tentoanstelling yn ‘e wyntoerpark yn Ap Lei Chau telâne. It gie om ‘e yndrustry fan skipbouwerij yn ‘t ferline. Sa bewûnderen wy de foto’s en apparaten dy’t earder brûkt waarden om skip op te bouwen en te reparearjen. Der lei sels in grutte neimakke tsjille dy’t in skip fêsthâlde kinne moast. Wy ha der folle fan leard en it wie in prachtige ûnderfining. Dit die my wol oan it tinken oan ‘e jachten dy’t ik yn Hylpen sjoen hie. Op 17 septimber 2016 ha ik mei Dyami Millarson, myn taalmentor, yn Hylpen west. Dêre gie ik nei it Earste Fryske Reedridersmuseum op besyk, en stie ûnder ‘e yndrok fan ‘e lange skiednis fan ‘t reedriden ûnder ‘e alvestêdentocht. Opfallend waard op dy dei in jachtwedstriid lâns de seekust hâlden. Sa seach ik folle jachten by de jachthaven, dy’t as in fjouwer-stjerren jachthaven om syn protte foarsjennings bekend stie. Wat wol ik ynienen werom nei Hylpen om mear mei te meitsjen oer ‘t Hylpersk, in tige behâldende Fryske streektaal, de kultuer en skiednis yn Hylpen.

 

DSC_3235.JPG
Ofbylding: Tentoanstelling yn ‘e wyntoerpark yn Ap Lei Chau. It giet oer  ‘e yndustry fan skipbouwerij
DSC_3233.JPG
Ofbylding: In grutte neimakke tsjille mei bybehearende struktuer yn ‘e tentoanstelling

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s