Stephen Hawking: In Germaanske held

Skreaun troch Dyami Millarson

Stephen Hawking, dy’t ien fan ‘e grutste westerske minsken wie, hat net in maklik libben hân. Op 21-jierrige âldens wie er diagnotisearre mei in ûngenêslike neurodegenerative sykte. Mar hy joech net op. Hy sei ek: Rjochtsje dy net op watsto net kinst mar op watsto wol kinst. Hy wie dus in ynspiraasje foar minsken mei in beheining.

Hy wie echt in trochsetter, wat wol by syn stjerrebyld fan Stienbok past. Hjirom wie er ek raazjend populêr yn Sina dêr’t hy de ynspirator foar miljoenen minsken wie. Stephen Hawking joech in gefoel fan hoop oan ‘e minsken yn Sina: As hy wat fan syn libben meitsje kin, dan kinne jim it ek!

Stephen Hawking wie wis in tige spesjale man: Hy wie bysûnder sterk fan geast en dit wie syn rêding en heil. Wat in belangryk tema yn syn libben wie is de leafde fan ‘e minsken om him hinne. Hy sei sels dat it universum neat wêze soe sûnder de minsken om dy hinne.

Hoewol’t er folle joech om leafde, wie syn leafdeslibben ek net maklik. Hy hie twa kear troud west. Hy wie boppenal in tige bysûndere man. Om Stephen Hawking te ferearjen hat Ken Ho de Frysktalige pagina oer him op Wikipedy oanmakke. As minsken op ‘e ierde hawwe wy allegearre wol ien of oare beheining. Wy binne nea perfekt. Lykwols is it krekt de keunst om wat fan dyn libben te meitsjen lykas Stephen Hawking dat die.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s