Ik wol ek it Aastersk leare

Skreaun troch Dyami Millarson 

Ken Ho skriuwt ris Aasterske artikels op dit bloch. Ken Ho kin Aastersk, mar ik kin noch gjin Aastersk. Ik haw dêrom it foarnommen om it Aastersk te learen. Ken Ho hat sûnder myn help it Aastersk leard yn seis moannen. As útdaging wol ik it Aastersk yn ien moanne leare. Dit wurdt in grutte útdaging foar my. Ik ha lang siik west en ik fiel my ek no noch in bytsje min. Lykwols wol ik gewoan besykje it Aastersk te learen yn ien moanne.

Ik haw mysels ek yn koarte tiid it Frysk skriuwen leard en dêrom wol ik dizze nije útdaging mei it Aastersk oangean. Ik haw dus mei mysels ôfpraat dat ik foar myn jierdei (19 maaie) it Aastersk kinne sil. Myn heit frege al in pear dagen lyn wat ik foar myn jierdei woe. Op dat momint koe ik noch gjin antwurd jaan, mar no wit ik it wol: Aastersk te kinnen soe wol it aardichste jierdeiskado wêze!

Hoe sil ik dit oanpakke? Yn 2016 haw ik in Aastersk lesboek krige fan Richard van der Veen doe’t ik mei Ken Ho by him op besite wie op Skylge. Der binne 27 lessen yn dit boek. As ik al dizze lessen foar 19 maaie ôfmeitsje kin, dan tink ik dat ik Aastersk wol kin. Dit lesboek hat folle oersetoefeningen en ik wol al dizze oefeningen meitsje. Nei’t ik hjirmei klear bin, dan sil ik it resultaat nei Richard van der Veen stjoere mei in begeliedende mail yn it Aastersk. Dizze mail sil it hichtepunt wurde fan dizze útdaging om it Aastersk yn ien moanne te learen, want dan moat ik bewize dat ik wurklik it Aastersk kin. Fierder haw ik ek noch in Aastersk lêsboek kocht dêrmei’t ik myn Aasterske lêsfeardigens oefenje kin. Ik bin no wol in bytsje bang of ik wol dizze ôfspraak neikomme kin. Ik freegje de Goaden dus om foarspoed by dizze nije útdaging om in minderheidstaal te learen! Ik haw foaral sûnens nedich om’t ik my faak min fiel.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s