Taiwan: uus ontdekkingsreis

Schruouwen trog Ken Ho

Yn 2017 ha wi un reis makket nei Taiwan. Et dorre omtrint un maand. Der ha wi folle nysgirrige dingen meimakket, in et wae net te fejitten. Uus besyk lit uus sjean ho folle talen er yn Taiwan bin di fidder ondersocht worre mot. Uus belevenis wae eigenarig yn ‘e sin dot et un ontdekkingsreis wae, un reis di to doel hat om talen, kulturen in folksgeschiedenissen kinnen te learen.

Op 3 maai 2017 begoon uus wonderlike reis, in krek un jier letter schruwe wi hir berjuchten oer.

Ierbetiid moassen wi opstean. Mei guon swiere begaazje ronen wi doelgerjuchtet nei un busstasjoon di uus fidder nei de Ynternasjonale Lufthaven Hongkong bringe soaë. Onderwilens dinen wi wol un knipke, fodot wi un oerke in un holf letter de lufthaven oankomen. Der makken wi uus lêste torieding foar uus opstappen nei et fjeantúg. Wi lieten minsen plastyk om uus begaazje hinne dwaan, sodot se bettere bescherming krie sonnen.

Neidot wi uus beschermete begaazje opjoon hinen, ronen wi de wachtroemte yn foar passazjiers. In foar ‘t úteinlike opstappen hinen wi nog wol tiid om un hapke te genietsjen. Et iiske hie uus wol goed op ‘t reiske toret.

Op ‘t fjeantúg moassen olle tillefonnen in elektrise apparaten oofdien worre. Sodwaande makke ik de lêste foto fon uus twaën fodot et fjeantúg úteinlik fotflaag.

Et eten op ‘t fjeantúg wae net bisonders swiet. Mar ho dan ik bin wi de Ynternasjonale Lufthave Taiwan Taoyuan oankomd. Neidot wi trog ‘e doewane hinne gien wannen in uus begaazje ophallet hinen, wonnen wi wot ite.  Togelyk liet ik ik jild bi un wisselkantoer wisselje in frêge ik minsen bi it ynformaasjesintrum ho wi fidder nei Taipei treinstasjoon gean koeënen.

Un roltrap laat uus nei un floer beneden, wer un greate kantine (un ytsaal) te sjean wae. Der bestelden wi wot, in et foel uus op dot de libbenskosten yn Taiwan friwot leager bin as yn Hongkong.

Don bruukten wi olwer de roltrap in ginen wi nei de onderste floer. Der stie et treinstasjoon, werbi wi nei Taipei-sintrum gean koeënen. Oerol krigen wi minsen di uus graag helpe wonnen. Forollem as wi et Engels tsjin har sprieken, don dinen se wol olles om uus fragen te beontwoadzjen.

Yn ‘e trein foel et mi oof dot de omrop yn teminsen fjauwer talen dien wodde. Et ollereaste is et Ingels, don et Mandaryn, don et Taiwnees in nog et Hakka. Hir mork ik wol ho folle talen er yn Taiwan spritsen wor. Et wae wol wot sonders.

Nei uus oankomst yn Taipei sintrum, probearren wi wol de bekonde rêg-massaazje út. Yn un ondergroonse roonpod mei folle oare winkelen oan beide konten, sagen wi er ien mei omtrint seks stoelen nêst de roonpod steld. Olle meiwerkers hinen un soat elektrise tiidmjitter roonom de hals. Nysgirrig frêge ik dènei, in koom te witten dot olle meiwerkers blind bin. So wae er un (net blinde) frou di tosaag dot olles yn odder wêze soaë. Nysgirrig woaë myn taalmentor Dyami Millarson et es útprobearje. Dènei wae hi er tige bliid mei.

Et is net foar niks dot wi nei Taipei sintrum ginen. Der hinen wi un oofpraat makket mei un freon di uus un nacht bi him wenje liet. Uus freon is yn Taiwan bêne in greatbrôcht. Sodwaande krigen wi ik folle help yn uus syktôcht hir.

Tegearre besochten wi un oare ytsaal yn Taipei-sintrum, in don kôchten wi ik wol wot swiete drankjys. Taiwanese bubbeltee is wol wot bekond, in don probearre ik et ik. Ynteressant is it dot wi fiif fescheine nivo’s fon swiethyd (ho folle soeker er yn ‘t drankje yn sit) kieze meie. In deuze karfrihyd fon swiethyd is net beheind to ien of twae winkelen, mar wol oerol te finen as wi drankjys bestelle wonnen. De easte kear keas ik for “gewoane swiethyd”, mar don die et wol bliken dot et te swiet foar my wae. Dènei bestelde ik ollinne de minder swietenien.

Letter brôcht uus freon uus nei un ytstrjitte. Bi de strjitte lôns wae er iten te keap. Yn ‘e folgjende dagen as wi yn Tainan wannen (hir schruwe wi letter mear oer), makken wi nog mear sokke nachtmarken mei (un soat organissearrete ytgelegenhyd yn ‘e nacht).

Hironder bin de foto’s op 3 maai 2017:-

DSC_0046.JPG
Oofbeelding: Noe is olles klear!
DSC_0051.JPG
Oofbeelding: Noe bin ik ik wol klear!
DSC_0075.JPG
Oofbeelding: De lêste foto op ‘t fjeantúg fodot et fotflaag
DSC_0111.JPG
Oofbeelding: Un sirkelfoamige foarwerp om binnen et treinstasjoon te kommen
DSC_0144.JPG
Oofbeelding: Dyami Millarson wae nysgirrig nei massaazje yn Taiwan

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s