De taal fan Pita Grilk bestúedeerje

Schreeuwn troch Dyami Millarson

Op 19 juny wie ‘k begoon mooi it lôzen fan de gedichten fan Pita Grilk en op 20 juny hie ‘k al it aiste búek fan har útleizen: It swiere akkeurd. Ik koom dà feur ‘t aist op ‘t ydee dat er in stúedy môke wezzen mot fan ‘e wezzen yn har werken. Nammentlik súe ik graach in list ha fan ôle wezzen dà ‘t jà brúkt het yn har werken want dermooi kin ik makkeliker dichten leren. It wezgebrúk yn gedichten is eeuwrs dan yn fetôlsels en derom fyn ik it wal tiige haundich om sò’n in wezzenlist fan de werken fan Pita Grilk tò hewwen. Ik tink dat ik it maar op in dei sallem mot dwaan om in stúedy derfan tò metjen want ginien het dat tat nach tò dien.

Ik wil krekt as Pita Grilk lere dichten en derfeur is in gotten wezzenschat tiige belangryk. In ieuwrsicht fan Pita Grilk har wezzen kin fest en seker dermooi hilpe. It súe helendal geweldich wêze at dat ieuwrsicht aik it fynplak oonjeeuwt fan de wezzen wertroch it altyd nooi tò slaan is. As it fynplak fan ôle wezzen fan Pita Grilk har dichterlike werken oonjeeuwn is, dan súe it aik haundich wêze at it oontal keren dat it wez brúkt is oonjeeuwn wedt. Want is it net fan fole betekenis om tò wyten af’t in wez seldsum af júst tiige gongber is?

Fierders mot ik nach wal seze dat hòwal’t ik graach dichten lere wil, in taal net faalt af steet mooi dichten. Je húeve net in gúede dichter af fetôler tò wêzen om in bedriigden taal tò redden. It geet ‘r ten aiste allene om dat ‘ste deurst tò praten yn ‘e taal en ten twadde geet it ‘r inkeld om dat dat ‘ste deurst tò schrieuwen yn ‘e taal. Aist prate, dernooi schrieuwe, dat is ydeaal. Natieuwrlik kiste it aik wal eeuwrsom dwaan en dat is wis gin gotten schaune. Doch geweun maar wat werket. It is wal fan got belang om jy sallem der rakkenschap fan tò jaan dat praten eeuwnmisber is wylens it schrieuwen dat net is. Derom dat hò mair hò batter wis wier is by spraak en útspraak.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s