Us bjaun mooi de reiden (Phragmites australis)

Schreeuwn troch Dyami Millarson

Op de ynternatsjonale dei fan de bamboe lyket it my wal sò adich om tò schrieuwen ieuwr ús bjaun mooi de reiden. Nammentlik hewwe de júed fan ús heitelaun dy plant al fanauds kúed, bamboe is net ynlauns. Yn it net echte Latyn fan de plantkunde het it sò’n júeren nôme: Phragmites australis. Gin aude Germaan súe eut sò’n meuliken nôme jeeuwn hewwe oon in plant dy ‘t bynooi ieuwral feurkomt yn ús heitelaun!

Ik sei dan geweun maar “de reiden” en brúk gin fraimde plantkundige wezzen. Fanauds het min mooi reiden dakken en eeuwre dingen môke. Reiden liete har gúed gebrúkke feur soks. De aude gebrúkswaarde fan reiden is dus got. Aik Vincent van Gogh en eeuwre bekinde júed fan ús heitelaun môke gebrúk fan reiden om dingen mooi tò metjen. It gebrúk fan reiden het lang yn swang wein. Selfs ne môket min nach altòmets gebrúk fan reiden en dat is meschien maar gúed aik.

Reiden greut as gôs en it is eigentlik aik in gôsseurt. De reiden binne in bron fan feilichheid yn ‘e netieuwr. Ôlerlei wylde jairen en wonderlike wezens ferschúlje har derom yn ‘e reiden. Twisken de reiden kryúelt it sòdanich fan it livven dat as min tò tichteby komt, it livven fersteursd wedt en it fredige watter ynienen heftich begint tò bewegen. Faak hewwe minsken derom yn ‘e reiden gedrochtlike wezens en geesten waarnimd. Reidgeesten af wattergeesten, sò kiste har wal naime. Dà nômeleuze wezens môke de minsken aunstich en sòdwaande beschermje jà de netieuwr.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s