De twa rykstalen fan Nederlân

Skreaun troch Dyami Millarson

Hollânsk en Frysk binne de twa rykstalen fan it Keninkryk der Nederlannen. Wat hâldt dat no yn? Dit hâldt yn dat beide rjochts- en bestjoerstalen binne; sawol it Frysk as it Hollânsk kinne foar rjocht en bestjoer brûke wurde.

Sa lûdt de gedachte efter de Wet gebrûk Fryske taal dy’t sûnt 2014 jildt:

“Alzo Wij in overweging genomen hebben, dat het wenselijk is in een taalwet de positie van de Friese taal in het bestuurlijk verkeer en in het rechtsverkeer te verankeren en de gelijke rechten van de Nederlandse taal en de Friese taal binnen de provincie Fryslân te waarborgen”

Dizze tekst sprekt foar himsels en it is tagelyks de bêste útlis fan wat no de bedoeling is mei it oanstellen fan it Frysk as twadde rykstaal. Fansels wannear’t men wit wat der beëaget wurdt, kin men in bettere foarstelling meitsje fan wat it tige djoere wurd rykstaal no betsjut.

Yn it fiere ferline, doe’t der jitte Aldfrysk sprutsen waard, wie it Frysk ek al in rjochts- en bestjoerstaal. It Frysk is dus einliken, nei iuwen fan ûnrjocht, wer yn eare opholpen.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s