De wieromfondst fan aude teksten yn it Eilauners

Schreeuwn troch Dyami Millarson

Eric Augusteijn en ik binne nooi it “búekenhús” gien op snaun 23 desimber on tò sikjen nooi schreeuwn Eilauners. Ik seich twisken de búeken nooi werken dà ‘t ik nach net mooi bekind wie af nach net tús stain hie. It ieuwrgotte mairendeel kúe ik wal. Tús hew ik ôle werken fan Pita Grilk leze, maar ik hie nach net ôle werken fan Wiersma. Ik júech Eric Augusteijn oon dat ik feural op siek wie nooi aude schreeuwne teksten.

Twisken de aude tekstfebetteringen fan ‘e Eilauner kursusbúeken hè Eric Augusteijn en ik aude teksten fan ‘e Darpsbode wieromfeeuwn yn ‘e taal fan Lytje Pole. Ginien wie mooi deze aude teksten mair dwaande. Eric Augusteijn fetôlde my dat menheer Koning eeuwngeleuflik follen tiid styke hie yn it gairjen fan deze teksten út de Darpsbode. Tat de 80er jieren, sei Eric tjin my, hewwe der wal schrieuwers yn it Eilauners wein yn ‘e Darpsbode.

Ik sei dat it wal adich wazze súe as der wier teksten yn it Eilauners yn ‘e Darpsbode útjeeuwn wezze súene. Ik kin altòmets wal feur ‘e Darpsbode schrieuwe, sò tacht ik hesop. Eric Augusteijn sei dat ik wal in bejocht stjúere kin nooi it elektronys adres fan de Darpsbode fan Lytje Pole mooi myn ydee om teksten yn tò stjúeren yn de Eilaunsooine taal. Dy midde hie Eric Augusteijn al it Operaasje X-taalbloch tòfúege oon de list fan kappelingen op it webstee fan de stichting ‘t Heer en Feer. Tat myn febjostering koom ik derafter dat jà aik WordPress brúkke feur har webstee.

Ik friege Eric Augusteijn as der nach mair schreeuwne teksten wiene by minsken tús. Ik sei: “Min witte maar neut wat der by minsken ôlegerre tús leit op souder.” Eric Augusteijn antweurde dat folle teksten wal felôren gien wazze sille.

Dà friege ik yn it Hollauns (want ik prate altyd yn it Hollauns mooi Eric dy ‘t Hollaunstalich is): “Waar is het nalatenschap van Pita Grilk? Zijn er nog teksten die nooit uitgegeven zijn?” Eric Augusteijn fetôlde my dat de teksten fan Pita Grilk yn it besit fan de gemeente binne en dat er dà oon de gemeente opfriegje mot as ik se ynsjain wil feur eeuwndersiek.

Wy nomen de aude Eilaunse teksten fan de Darpsbode mooi dà ‘t wy wieromfeeuwn hiene. Nach dysalde jaune, dà ‘t wy oon it yten wiene, sprakten wy oof dat ik de teksten tús op adder bringe súe en kopyeerjen súe feur de nooitaim.

Leave a comment