Undersyk nei it Grinslânsk

Skreaun troch Dyami Millarson

Ik haw it Grinslânsk leard (en ik bin myn taalbehearsking jit altiten oan it ferbetterjen) om ûndersyk te dwaan nei Fryske oerbliuwsels yn it Grinslânsk. Yn ‘e midsiuwen waard Easterlauwersk Frysk sprutsen yn Grins. Der wurdt yn Fryslân in oar soart Frysk sprutsen as men earder yn Grins spriek: Westerlauwersk Frysk yn Fryslân en Easterlauwersk Frysk yn Grins. Wannear’t guon minsken sizze dat men earder Frysk yn Grins spriek, ferjit men derby te sizzen dat de Grinzers nea it Frysk fan Fryslân sprieken mar har eigen Frysk, en der binne jit spoaren fan dat ‘eigen Frysk’ werom te finen yn it Grinslânsk. Dat is wêr’t ik graach mear ûndersyk nei dwaan wol en ik wol sjen hoe’t it oerbleaune fan it Easterlauwersk Frysk yn it Grinslânsk him ferhâldt ta it Skiermûntseagersk.

Einliks de Fryske taal yn it Keninkryk der Nederlannen dy’t jit it meest liket op de âlde taal fan Grins is it Skiermûntseagersk. De taal yn Dútslân dy’t jit it meest liket op de âlde taal fan Grins is it Saterlânsk. It meitsjen fan in Grinslânsktalige kursus oer it Skiermûntseagersk hat ek in grûn foar my west om te besluten it Grinslânsk te learen. Ik wol graach tegearre mei de Grinslanners sjen nei te oerienkomsten tusken Grinslânsk en Skiermûntseagersk. It idee that in soart ‘oarspronklik Grinslânsk’ op Skiermûntseagersk sprutsen wurdt is wol aardich, foaral as men net ferjit dat it ‘oarspronklik Grinslânsk’ gjin Nedersaksysk wie mar Easterlauwersk Frysk.

Sadwaande giet myn ûndersyk nei it Grinslânsk oer de ferbannen tusken Grinslânsk, Skiermûntseagersk en Frysk. Ik wol earlik sjen nei wat der yn it Grinslânsk oerbleaun is fan ‘e Grinzers har ‘oertaal’ en dêrom is it goed om al dizze talen neistelkoar te setten (foaral fierder ûndersyk nei it ferbân fan it Grinslânsk mei it Skiermûntseagersk dêr’t ik ek tige benijd nei bin is fan grut belang). Taalferlikening is in bjusterbaarlik ding en dêr komme altiten nijsgjirrige dingen mei nei foaren. It helpt om wurden njonkenmekoar te sjen om’t dit it ferlikenje tusken de taal bemaklikket. Dêrfoar moatte wol earst de krekte wurdpearen byinoarbrocht wurde en dat falt net ta. Yn elts gefal is it aardich wurk ast de ferduldigens derfoar hast. De nije ynsjoggen binne de opbringsten. De risping leannet it wurk.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s