Us kulinêre syktocht fan 2017

Skreaun troch Dyami Millarson

Yn 2017 wie ik hielendal dwaande mei kultuer tegearre mei Ken Ho. Dit wie it grutste ûnderwerp foar ús yn dat jier. Ik haw my doedestiids hielendal kultureel yntegrearre troch alle Aziatyske gewoantes oer te nimmen en my oan te passen. It wie ien fan ‘e grutste aventoeren yn myn libben en ik haw der in protte fan leard. It foel ús op dat derby foaral ytgewoantes wichtich wiene. Iten stiet oan ‘e basis fan ‘e kultuer en it bringt de minsken byinoar. Sa hat Konfusius mear as twatûzen jier lyn ek al sein. Eltse dei joegen wy in soad oandacht oan it iten om’t dit is sa wichtich foar ‘e kultuer en wy kamen der ek al gau efter dat it folle betsjutte moat foar it behâld fan taal.

Ken Ho en ik dêrom op in kulinêre syktocht gongen yn Hongkong en Taiwan en ik haw sels trochgien mei dit ûndersyk doe’t ik sûnder Ken Ho fêstelân Sina besocht yn datselde jier. Wy gongen nei gewoane restaurants, djoere restaurants en restaurants mei Michelinstjerren om te sykje nei it ferbân tusken iten en taal. Wy fûnen dat Michelinstjerrenrestaurants ús folle leare koene oer iten, koaitsen, keunst, kultuer, ensfh. Wy koene dêr goed prate mei it persoaniel en wy koene goed mei harren gedachten útwikselje. Dit hat ús tige ynspirearre en wy hawwe derfan leard dat Michelinstjerrenrestaurants in soart timpels binne dêr’t iten ferearre, koaitsen ta in keunst ferheven en ytkultuer wurdearre wurdt. Sa wisten wy dat Michelinstjerrenrestaurants it plak wie dêr’t wy wêze moasten om mear te spyljen mei gedachten oer it ferbân tusken iten en taal.

Ken Ho hie foar it earst yn syn libben yn 2017 kennis makke mei Michelinstjerrenrestaurants en sadwaande wie it in grutte oergong foar him. Ytgewoantes wiene dêr in wiere keunst en wy moasten ús der goed foar klaaie. Dit wie wol wat spannend foar Ken Ho, mar de erfaringen wurke ferrykjend foar him en my. It wie moai om te sjen hokker produkten de Michelinstjerrenrestaurants leverje en wy hawwe der mei it persoaniel folle oer praat en krigen in inkelde kear sels in bysûndere rûnlieding troch ‘e koken. Fansels wie 2017 mar in earste kennismakking mei Michelinstjerrenrestaurants want wy leauwe dat wy der yn ‘e takomst mear mei dwaan kinne en moate foar it behâld fan bedrige talen.

Der wy folle ynteresse by de Michelinstjerrenrestaurants foar ús taalprojekt en wy hawwe in protte oer it Frysk praat mei harren. Troch it iten, de omjouwing en de gesprekken kamen wy ta nije ynsjoggen en dit is ek wat lied hat ta it sukses yn 2017. Wy hawwe sels in boel ynvestearre om ite te kinnen yn dy Michelinstjerrenrestaurants, mar it wy it jild dûbeld en dwers wurdich, om’t it wie foar ynspiraasje op te dwaan oer taalbehâld en te syken nei mooglikheden om iten te kombinearjen mei it behâld fan bedrige talen. Wy witte no nei ús bysûndere erfaringen fan 2017 mear ‘e filolosfy efter it produkt dat ferskillende Michelinstjerrenrestaurants leverje en dêrom kinne wy no ek al mear begjinne nei te tinken oer wat der dwaan wurde kin yn ‘e koken foar it behâld fan lytse talen en hoe’t iten mear betsjutte kinne soe foar it behâld fan lytse talen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s