It hús leve, it hús asemet

Schreeuwn troch Dyami Millarson

In komerdaar fúel ticht yn ‘e nacht en ik friege my hesop oof werom jò daar ne tichtfalen wie. Min súe eerder yn ‘e middeleeuwen seid hewwe dat it speuket yn ’t hús. Ús heit sei tjin my dat it komergles iepen stúech en dat it de wyn wein hewwe most. Maar it feurfal satte my oon ’t tinken. Ik wúe myy ynlivje yn hò ’t minsken twadieuwzend jier felind hierieuwr tacht hewwe súene. Ik kúe it mooi myn gefúel al wal begrype. Nammentlik is ’t in auden geweunte om sò tò tinken dat elk hús in ooinen geest of in heup ooine geesten het. It hús leve en de wyn dy ’t troch it hús jôget is in útting derfan. Jommes wie de splissing twisken hús en netieuwr eerder minder omdat it hús minder oofslútten wie.

Nooi it leeuwen fan ‘e minsken fan eerder is ’t sò dat de húsgeesten feur it hús sorgje. As min yn ‘e meurn wetjen wedt, kin it nammentlik sò wazze dat der dingen yn ’t hús feraundere binne en min tink fanauds dat dit komt troch ‘e húsgeesten dà ’t nachts drok dwaande wein hewwe. It is echt net sò dat minsken dertroch eerder gin wynk yn ‘e eigen kriegen, maar de minsken hiene der altyd wal frede mooi omdat se wisten dat de húsgeesten meschien wal eeuwndeugend wiene maar se leven yn frede mooi de minsken yn itsalde hús. Deze húsgeesten wiene lytje pikkermannen (huiskabouters yn ’t Hollauns) en min môke faak offers oon har troch mulke af wat ytbers mooi har tò delen.

Minsken binne gúedgeefs en derom is it net gek dat se aik oon ‘e pikkermannen tachten. Wanneer min sokke offers môke yn ’t hús, dan ieten de múze it op. Dit wie aik de bedúeling. Júed seigen de mús eerder as in geestfeschyning en jò mús kúe sòdwaande as in húsgeest syn wezze. De geesten fan ’t hús binne derom fanauds múze. Der binne yn ‘e Germaanse talen fole end genooch aude fetôlsels der ’t in mús it lichem fan in freeuw af man troch ‘e múlle felat en latter wier wieromkoom en de múlle yn krúpte; it lichem súe net asemje tatdat de mús, jò ’t as de siel fan ’t lichem syn weis, wieromkomd wie. Múze wiene fander wal in bytke heilich yn ‘e middeleeuwen, maar wiene aik wal faak yn febjaun bracht mooi tjúensteree en dat sjocht min wal reis yn ‘e aude fetôlsels.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s