Oer ‘e talestúdzje fan Emil Krebs

Skreaun troch Dyami Millarson 

Der wurdt sein fan Emil Krebs (1867-1930) dat er 68 talen behearske en jit ris 120 oare talen bestudearre hat. Dat falt te bewiizgjen troch syn kolleksje fan 3500 boeken yn 111 talen en al syn oantekeningen en gearfettingen yn in ferskaat oan talen. Hy hat studint west oan it gymnasium yn Schweidnitz en hy hat letter in rjochtenstúdzje ôfrûn.

Hy hat 23 jier yn Sina west. Hy is dêr in fertrouling fan ‘e Sineeske keizerinne wurden. Hy kaam faak by har op ‘e tee. Dit bewiizget mar wer ris wat taal teweibringt; it wekket betrouwen en skept in bân. Om’t er sa goed syn talen behearske, wurdt der sein fan him dat er de Sinezen ûnderrjochte yn ‘e talen fan harren eigen heitelân. Dit moat in sensaasje west hawwe, om’t Sinezen fanâlds nea leauwe kinne dat bûtenlanners mear oer Sina witte kinne as de Sinezen sels.

Hy waard hielendal troch syn talestúdzje yn beslach nommen. Hy bleau faak let op om talen te studearjen en hy slepte oerdeis. Hy studearre leaver talen as dat er syn wurk die, en dêrom woe hy allinne mei minsken omgean as er ien fan syn talen oefenje koe. Dit is hiel wol begryplik, om’t talestúdzje de folle oandacht ferget.

Hy learde nije talen foaral troch talen dy’t er al earder leard hie. Dit is ek goed te begripen foar ús, om’t wy ek frjemde talen brûke om oare talen te learen. By ús is it sels sa dat wy grutte talen leare om lytse talen better leare te kinnen wannear’t wy witte dat der mear ynformaasje oer in wisse lytse taal te ferkrijen is yn in wisse grutte taal. Ken Ho hat it Hollânsk leard om it Frysk yn 2016 te learen, en wy wolle dit jier it Dútsk en Sweedsk bestudearje as tarieding op it learen fan it Easterlauwersk Frysk en it Noardfrysk. Emil Krebs brûkte foaral grutte talen om oare talen te learen, mar dat dogge wy net altitens. Ik haw byfoarbyld it Skiermûntseagersk brûkt om it Hylpersk te learen. Dat haw ik dien troch it meitsjen fan oersettingen fan wurdlisten. Ik tink dat wy dit jier op dysalde wize it Hylpersk, Skiermûntseagersk en Aastersk ynsette sille om oare Fryske talen te learen.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s