Wat docht it Eilaun mooi ús?

Schreeuwn troch Dyami Millarson

Wedt it tjoster op it Eilaun, dan wedt it músstil. It geweune livven haudt mooiien op. It liiket wal dat de Dúnatters tjin ôle júed op it Eilaun seid hè: Ne motte jimme stil wazze, want ús tiid is oonbritsen. It Eilaun wekt omtsach op by it folk dat nachts op it Eilaun sliepen blieuwt. It Eilaun docht wat mooi de minsk, helendal as er op it Eilaun gebeuren en getogen is.

De netieuwr heerst fanauds allene op it Eilaun en de minsk mot him dit gewezzen liete. It Eilaun leert de minsk om him makliker op tò stellen; hy mot him jommes ôles gewezzen liete. Sò jeeuwt it Eilaun de minsk in heup wiisheid mooi, dat er brúkke kin, wanneer ‘t er de wereld omswalket, maar aik wanneer ‘t er geweun fole jeeuwer tús blieuwt en jeeuwer feur syn ooine hed de krant lôst yn syn maklike stúel.

Leren gewezzen lieten is treeuwens gúed feur it gemúed, omdat it ús in seud rast yn ‘t livven jeeuwt. It Eilaun sorget gúed feur ús en it behúedet ús feur it kwaid. It hilpt ús om rastich tò wezzen en tò heren wat ús hets tò fetôlen het. In berch minsken lústeret net nooi har hets omdat se foolste fole drokte yn har hole hewwe. It Eilaun lúkt ús oon wanneer ‘t it ús lat is om op it Eilaun tò wazzen, en dan môket it ús rastich, sò as in mim har ben rastich môket wanneer ‘t jà fedwiiled wiene en har kwytrôked wiene. It Eilaun rupt ús wanneer ‘t wy it Eilaun neudich hewwe, maar aik wanneer ‘t it Eilaun ús neudich het.

Eilaun, dò watte wat ‘ste wille;

Wy motte ús kaunsen net fespille;

en sò behúedeste ús en dysalm

feur it gotste kwaid fansalm.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s