It tebektinken oan it nuvere begjin fan ús Fryske stúdzje yn 2016

Skreaun troch Ken Ho

Us taalprojekt begûn yn 2016. Fanút myn Sineeske eachpunk socht ik tegearre mei stúdzjefreon Dyami Millarson nei it eigen aard fan it Frysk. It Frysk wie (en is jit hieltiden) o sa fasjinearjend foar my, om’t it gewoan foar it westen stiet yn myn tinkwrâld. Foar my is it bestudearjen fan Frysk einliks it ferkennen en ûndersykjen fan it westen wylst ik fan easterske komôf bin en it westen foar my nuver is. Wichtich wie de taalferlikening en it sykjen nei ferskillen en oerienkomsten tusken Fryslân en Hongkong dêr’t ik hikke en tein bin.

Sûnt juny 2016 wie ik yn Fryslân oankommen. Wy woene Fryske taal, kultuer en skiednis ûnder ‘e maatskiplike oandacht bringe. Fanút Ljouwert, dêr’t ik foar ‘e djoer fan myn trije moanne yn Fryslân myn tahâld hie by de famylje Millarson, ûndernamen wy ús persoanlike syktocht nei it Frysk eigene. Om’t Ljouwert altiten in sintraal plak foar ús wie, seach ik al doedestiids de geastlike gearhing tusken Fryslân en Ljouwert. Dit waard troch Ljouwert-Fryslân 2018 allinne mar befêstige.

Op 4 augustus 2016 hawwe wy in fideo op YouTube set, dêr’t ik ferklearje dat ik it Frysk yn trije moannen lêze, skriuwe, ferstean en prate kinne wol. De fiertaal fan it fideo is it Nederlânsk, dat ik my al foar de besite eigenmakke hawwe. De gedachte is dat de Fryske mienskip omjûn wurdt troch de Nederlânske, krekt as de Kantoneeske mienskip troch de Mandarynske. Om tagong te krijen ta de Fryske mienskip, moat ik earstens troch de Nederlânske hinne komme. Troch it sels te dwaan, wol ik oaren ek oanmoedigje om itselde te dwaan en by ús oan te sluten.

It jier 2016 hat de toan set foar ús Fryske syktocht yn neikommende jierren mei klam op de Fryske taal, kultuer en skiednis. Sûnt it útbringen fan ‘e fideo, is de bewustwurding fan it belang fan it Frysk op in nije wize yn ‘e Nederlânske maatskippij op gang set. Sjoernalisten fan it Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante kamen ús benei en der waarden meardere artikels oer ús taalprojekt skreaun en útbrocht.

Wy hawwe ek gearwurke mei de Afûk (Algemien Fryske Ûnderrjocht Kommisje) en de Praat mar Frysk-kompanje om in Frysktalige fideo te meitsjen oer myn erfaring yn 2016 mei it learen fan it Frysk. De filmopname waard yn ‘e Prinsentún yn Ljouwert makke op in noflike dei. Belangstelling foar ús taalprojekt kaam ek gau op nasjonaal nivo op gong. Lânlike kranten lykas AD (Algemeen Dagblad) en Metro hawwe ek oer ús projekt skreaun, en op ‘e radio (Omrop Fryslân en NPO 3FM) en de tillevyzje (Tijd voor Max) hawwe wy ek oer ús projekt praat.

Nijsgjirrich is dat der sels yn it Sinees troch wyld frjemden oer ús projekt berjochte is. In pear lytse artikels, dy’t skreaun wurde yn sawol ferienfâldige Sineesk as ek it tradysjoneel Sineesk, steane op it ynternet. Men kin wol sizze dat de belangstelling foar it Frysk safier nei it easten ferspraat is dat no ek Sina derfan op ‘e hichte is.

Salang as myn tahâld yn Fryslân duorre, kamen wy yn kontakt mei Friezen. Wy binne útnûge en kamen by golle Friezen op besite. Wy praten mei ús buorlju en hawwe ek âlde lju yn in âldereintehûs moete. Wy harken nei harren libbensferhalen en wy hiene der allegear in protte wille fan. De moetingen hawwe my ynspirearre om Friezen te helpen by it yn stân hâlden en it befoarderjen fan harren âlde tradysjes. It soe tige spitich wêze as it Fryske ferline yn ferjitnis rakket.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s