Ynternasjonale talenerkenning yn 2019 en ús plannen foar ‘e takomst 

Skreaun troch Ken Ho

It behâld fan ‘e bedrige Fryske taaldiversiteit stie yn it mulpunt fan ‘e belangstelling by ús yn 2018, doe’t Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Jeropa wie. Us projekt joech omtinken oan ‘e Fryske taalfamylje fan Nederlânske boaiem en neffens de konklúzjes fan ús projekt yn 2018 mei it nea fergetten wurde dat der njonken it Lânfrysk jit trije lytse Fryske talen sprutsen wurde yn Nederlân. Dizze talen krigen foar it earst ek ynternasjonale erkenning yn 2019, dit hat Dyami Millarson bewurkstellige. Dêrnjonken geane wy tegearre troch om mei ús bloch ynternasjonale belangstelling foar ‘e ien plus trije Fryske talen fan Nederlân te kweekjen. Mei’t ús bloch sûnt 21 septimber 1300 folgers berikt hat, binne der yn totaal no mear folgers fan ús bloch as sprekkers fan ‘e trije lytse talen dy’t wy yn 2018 studearre hawwe. Mei oare wurden, der is waaksende ynternasjonale belangstelling foar Fryske minderheidstalen en dat komt gruttendiels troch ús bloch dat spesjalisjearre is yn Fryske talen. Wy kinne no sûnder twifel sizze dat ús bloch ynternasjonaal it grutste op dit gebiet is en de groei fan it oantal folgers nimt lêste moannen, foaral lêste wiken, sels enoarm ta. Wy sjogge dit as in goed begjin, want dêr hâldt it fansels net mei op en wy steane nea stil mei ús nije ûntwikkelingen: Undertusken dat wy ús dwaande hâlde mei it deilikse skriuwen foar ús bloch en it fierder ûndersykjen fan ‘e trije talen dy’t wy yn 2018 leard hawwe, meitsje wy tariedingen op ús takomstige plannen om twa minderheden yn Dútslân en ien yn Sweden te moeten.

It omtinken oan ‘e trije lytse Fryske talen hat fansels in nij hichtepunt berikt yn 2019 mei de ynternasjonale erkenning en de fluch oanlûkende groei fan ús bloch fanôf ein 2018, wylst wy al sûnt 2018 besocht hawwe minsken fan oer ‘e hiele wrâld bewust te meitsjen oer ‘e hiele Fryske taalfamylje dy’t yn Fryslân bestiet. Dit feit hat earder net syn fertsjinne oandacht krigen. Sykjend nei rjochtfeardigens troch erkenning yn alle mooglike demokratyske foarmen foar ‘e trije Fryske sustertalen te finen, hawwe wy lang om let it Nederlânske publyk fan harren wearde en bestean as selsstannige talen op ‘e hichte steld. Bygelyks (grutte) lânlike kranten yn Nederlân lykas Metro en Trouw hawwe dit jier oer ús taalprojekt berjochte en dêrmei de bysûnderheid fan ‘e Fryske taalfamylje op ‘e foargrûn pleatst. De tiid fan it ûnwittend wêzen oer ‘e Fryske talen fan Nederlân/Fryslân giet langsum mar wis foarby, en der is dúdlik sûnt 2018/2019 in nije tiid fan bewust wêzen oanbrutsen foar ‘e Friezen, Nederlanners en sprekkers fan ‘e lytse talen sels dy’t harren eigen unike identiteit hawwe tank sij harren eigen selstannige taal, kultuer en skiednis.

Yn 2019 is de Fryske taalfamylje opnommen troch Glottolog, in bibliografyske databank yn it behear fan Max Planck Institute for the Science of Human History dy’t basearre is yn Jena, Dútslân. Glottolog is ûntstien mei it doel om alle wrâlds (somwilen minder bekende) dialekten, talen en taalfamyljes yn kaart te bringen. Dêrmei is in nije basis skeppen foar takomstige taalûndersiken. Men kin wol sizze dat it Aastersk, Hylpersk en Skiermûntseagersk binne foar goed yn it ynternasjonale minsklike ûnthâld fêstlein, dat de generaasjes efter ús de tagong ta dy trije talen net ferlieze sille. Oer ‘e grutte symboalyske wearde fan ‘e opname fan ‘e Fryske taalfamylje fan Nederlân/Fryslân op Glottolog is wiidweidich yn ‘e lânlike kranten fan Nederlân en lokale media fan Fryslân berjochte. Op 2 juny 2019 is der yn Trouw in artikel ferskynd mei de titel: Spreekt u al Aasters, Schiermonnikoogs of Hielpes? Dankzij Dyami Millarson (25) zijn het nu zelfstandige talenSpreekt u al Aasters, Schiermonnikoogs of Hielpes? Soksoarte rapportaazje is ek te finen yn ‘e Ljouwerter Krante, dy’t hjiroer in artikel útbrocht hat op deselde dei.

Dat Dyami Millarson oan ‘e ynternasjonale erkenning fan ‘e Fryske taalfamylje fan Nederlân/Fryslân bydragen hat, hat folle belangstelling yn ‘e media wekt. Op 5 juny 2019 is bygelyks in 18 minuten lange fideo dy’t yn ‘e studio fan NPO radio 1 makke is, útjûn mei de titel: De redder van streektalen Dyami MillarsonAlgemeen Dagblad is him ek beneikommen en op 10 july 2019 is in koarte fideo útkommen dy’t yn it gebou fan it Tresoar, dat offisjeel beskreaun wurdt as it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum, filme is. De filosofy en motifaasje fan ús leafdiedigenswurk is moai yn in artikel yn ‘e fergese krante fan it iepenbier ferfier Metro op 12 juny 2019 beljochte. Dêr hat Dyami Millarson it rêden fan lytse talen mei yntensive soarch ferlike. Bedrige talen binne neffens him pasjinten dy’t gau behanneling nedich hawwe, al binne hja spitigernôch faak ferwaarleaze troch brek oan minsklike of profesjoneel fersoargjende oandacht. Troch de talen sels te learen wolle wy de minderheidstalen net allinnich rêden, mar ek oaren oanmoedigje om mei te dwaan. Boppedat kinne we de taalsituaasje oan ‘e hân fan ús talenkennis troch it learen better beoardielje. Talen learen makket diel út fan ús maatskiplike belutsenens. It is in sosjale aktiviteit dy’t ta in bettere wrâld liedt. Minskleavjende dieden soargje der ommers foar dat mear lju ynspirearre wurde om goed te dwaan foar oaren yn harren fermidden. Wrâldferbettering begjint yn jins fermidden.

Minderheden binne in grut tema foar ús taalinisjatyf. Yn 2019 hawwe wy ús foarnimmen bekend makke om de Fryske minderheden fan Saterlân en Hilgelân yn Dútslân en Sweedske minderheid yn Elfdaal te moetjen en harren taal te learen. Foar it Saterlânsk (dät Seeltersk), Hilgelânsk (deät Halunder) en Elfdaalsk (Älvdalska) sille wy ús folút ynsette. Wy hoopje in bân te skeppen tusken ferskate minderheiden. Hja hawwe it gemien dat se allegear bedrige binne troch grutte mienskippen om harren hinne. In gearwurkingsferbân kin de kâns fan harren fuortbestean ferheegje. Wylst ús wurksumens him takom tiid op Dútslân en Sweden rjochtet, hâlde wy de bân waarm mei Fryslân en de minderheden dêre. Wy wolle bygelyks in taalfeest op Skiermûntseach organisearje, dêr’t û.o. it Skiermûntseagersk as eilântaal ferivige wurde sil. Wat moai soe it wêze as it Skiermûntseagersk, dat no likernôch jit troch 30 âlderen sprutsen wurdt, jit wat mear omtinken kriget en aansen bekend stiet as de unike taal fan ús Lytje Pole.

One comment

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s