Hó kòòmen de balstéénmantjes ien Hielepen?

Skriiₐnd tróch Dyami Millarson

Froeger, dèè wééₐ ’t grif óóₐs ien uus likje stéé. Den wééₐn de Hieleper liiₐd jitte sééliiₐd. Patten fadden òp ‘e nóóₐd en mekken lange séétòchten nei fiire stééden só as Nerf, dòt ien Fienlâând leit. ‘r Weer ‘r ’s ’n skip mei Hieleper liiₐd dòt langs Déénemarken mòòst óm nei Nerf tó farren. ,,Het hewwe wie fèènd, mannen”, see ’n skipper tjiₐn sien bemanning; ,,Fannaaₑte ies de stòrm lizze ginzen. Jimme tòòten nâât dòt wie feginzen soêₑden mei ’n kaptein as iek, nó? Höi, höi, as jimme sóks fan mie tòòten! Mar iek fejòòn ’t jimme. Só goo bin ‘k wòl.” De liiₐd òp ’t skip wééₐden daastòl en gin-een koo ’n wòd uutbrienge, de skrik fan ‘e naaₑte der fòòr seet ‘r jitte ien bie jem en mennigeen wééₐd jitte wúrrig fan ’t aazjen. ,,Kóm òp, kèèₐdels. Wie mútte fiₐdder. Jiₐldet, jòòn mie ‘r ’s ’n kâât, den ken ‘k sèèn hó fiir òf wie nó fan Déénemarken òò binne.”

Oenderweis nei Nerf tó kòòmen jèè ienkeld oeₑn lâând, mar dèè ’t jèè wúrómgeengen, mòòsten jèè óm ’t minne weer ’n keer oeₑn lâând. ’t Skip lòòi fòòr anker twielst de bemanning het òp ’t strâând ómdangele en ómduune. Jèè hóólen bie ’t spieljen. Ééwen letter mekken jèè ’n fiir mei ’t hóólt dòt ze der fiende koo-en. Ienkelen haalpen óm ’n heelen klââmpe banhóólt gaar tó briengen. Óóren wééₐden dwaaₑnde mei brii kòkjen en sóks. Jèè drèège kòkjende èₐdden pòtten mei èₐtten en kóólraipen òò. Een kladdere ’n baim ien óm aaien tó griepen. Dèè ’t de foegel him ómhaig kladderjen soog, floog ‘r òp en lòt de aaien ien sien nest efter fòòr ‘e fan ‘e hoenger fliebjende metróós.

Èₐlkeen wééₐ dwaaₑnde òp en bie ’t strâând, mar de skipper wééₐd naaₑnze tó bekennen. Hie wééₐd deeper ’t lâând ien ginzen óm ’t ‘r ’s tó fekennen. Hie faand oeral steenen en hie geeng mar ‘r ’s òp een sitte. Dèè gebadde ‘r het woenderliks. ’n Stim see: ,,Au, nâât òp mie sitte!” De skipper spraing òp en wist nâât wúr ’t de stim fandinne kòòm die ’t ‘r hééₐd hee. ,,Het het dit tó betiₐdden! Tjoeₑnstes! Diiwels!” bròòt ‘r uut, mar dòòₐst nâât wei tó rónnen.

Dèè hééₐde ‘r jitte ‘r ’s de stim: ,,Wèès nâât bang, iek bin mar ’n Stéénmantjen. Iek libje ien dizze stéén en jie geengen òp mien seere plak sitte. Wúróm binne jie hir, ak frigje mei?” Nó dòt lòòi de skipper him wòl ’s uut en hie fetòlde him oer góóld, selwer en óóre diire kaipwaaren uut Nerf, hó ’t èₐlk besprek geeng en hó ’t ‘r de beste priis betienge hee, mar ek oer de stòrmen jin ’t ‘r òp sien tòcht meimekke hee tegaare mei sien Hieleper bemanning en ééₐlik seid twiske him en ’t stéénmantjen dòt dit wòl de swiₐste tòcht wééₐ die ’t ze òòit mekke hee-en.

,,’t Begraaₑtet mie óm jimme Hieleper liiₐd,” see ’t stéénmantjen; ”en sódwaaₑnde wòl iek jimme graig hèₐlpe. Iek wòl nâât dòt jimme skaaₑlis tuuskómme mei jimme skip. Kiek, aime mie en mien friiₐnden nó meinimme òp jimme skip, den sòlle jimme wúr feilig ien jimme fééₐrelâând oeₑnkómme. Mar belouwje mie wòl dòt jimme uus nâât fúttipje sòlle, mar ’n goo plak jòòn sòlle ien jimme stéé só dòt wie fòòr jimme súrgje kenne, jimme stéé ’n heilig plak meikje kenne en jimme bòn altieten beglúrkje kenne en jimme fetòlle kenne asse oendóógens òf oenééₐlik west hewwe.” ,,Iek belouwje dòt wie streeten fan jimme meikje sòlle en dòt wie dèₐmei uus likje stéé möjjer meikje sòlle,” antwòdde de skipper.

Dèè seeden de stéénmantjes allegaar: ,,Dòt fiende wie goo, skipper, nim uus äsjeblèèft mei óm streeten fan uus tó meikjen! Mar belouwje uus wòl dòt jimme uus mei ’t gesicht nei bóppe ien ‘e groend dwaaₑn sòlle, óóₐs wòdde wie bliend en nimme uus heilseme kreften òò”. ,,Jimme hewwe mien wòd, dòt belouwje iek mei heel mien hèₐt en óóₐs soêₑd iek gin Hieleper wèèze, wie binne ééₐlik fòlk,” see de skipper. Só gebadde ’t dòt Hielepes begòòsten mei ’t ââlde gebroek óm stéénen fan jerre fiire tòchten òp séé mei tó nimmen.

Hóneer jèè òp ‘e skippen meinómd wééₐden, wââden jèè ballast nèème, ómdòt jin stéénmantjes mei jerre gewicht haalpen óm de Hieleper skippen ien ééwenwicht tó hââlden en sódwaaₑnde de libbens fan ‘e oerèₐldes fan jimme oeraaₑtes en oeraames, jin ’t lang liiden libben, tó behââlden. Hóneer ’t jin stéénen, wúrien ’t de stéénmantjes libje, nei Hielepen bròòt wââden en ‘r streeten fan jem mekke wééₐd, wââden jèè balstéénen nèème en deróm wââden de fesúrgjende géésten, jin ’t der ien libben, ek wòl balstéénmantjes nèème.

De Hieleper liiₐd fan oerââlde eeuwen hee-en altieten só ’n goeₑden bâând mei de balstéénmantjes dòt ze nòòit het oer jem seejen en deróm ies ’t fan graaₑt belang dòt de bòn fan dizze nieje tiid de balstéénmantjes nâât fejette en wette wúr ’t ze jin fiende kenne. ’t Mút ómmes nâât só wèèze dòt òp ’n dei nimmen sich meer nei de balstéénmantjes taalt.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s