Ho komen de ôde Germanen oan huning?

Schruauwen trog Dyami Millarson

Fondei op freed de fyf in twintigste fon ‘e wynmaand (oktober) ha ik mei uus tae nei et sjekehuus west for un besite oan ‘e termdokter omdot ik ol lange tiid deadsjeek west ha. Fonself most ik wer bloed prikke. Der saag ik net nei út, mar wot mot dot mot. Sodwaande koom ik yn ‘e wachtkeamer for et prikken. Uus tae fetelde de suster myn namme in geboatedatum in loekte un nommer for mi. Ol flug wae et myn bêr (bêt) wont er wae fidder ginien der.

Ik froeg de suster of ik er bi leze mei in derom ginen wi nei un keamer mei un leezstoel. De suster saag ol dot ik er net so goed bi siet in spriek mi derom wot moed yn mei fragen oan mi te stellen. Ik bin net bang fon nellen, mar ik hôd er fonself ik net fon in deuze kear stie et mi slim tsjin omdot ik et net maklik wae om myn ier te prikken in ik troch útdroeging waarschynlik gin heag bloedgehalte hie. Derom noom de suster mar net te folle bloed fon mi oof in joeg mi un glês mei wetter nei et prikken en liet my bekomme.

Op ‘e wei werom fon et sjekehuus ha ik mei uus tae roon mei de fyts oan ‘e hôn. Doe wi ticht by uus huus komen, ha wi yn ‘e natuurfoedingswinkel un huningraat (dot is un schiif huning) kôft in mei nei huus nomd. Tuus ha wi de raat huning proeget in dot wae so lekker swiet. Er wannen twae soaten huningraten yn ‘e winkel: blommenhuning in waadhuning. Ik ha di fon et waad mar nomd. Et mins dot mi bistie yn ‘e winkel sei dot di fon et waad wol un knip yn et olmenak wae, in sodwaande dot myn kêr op di foel. Ik wae wol yn for wot nys.

Et steet mi net bi dot ik oait idder huningraat iten ha in forol net ien fon et waad. Ik koeë et wol fon ho et er út sjocht in ik hie ik wol es et wêd raat follen head, mar et wêd sei mi idder niks. Ol leit mi bi dot ik et idder proeget ha, tink ik dot et un dream wae of un gefol fon idder yn ‘e hole syn ha. Ik tink werklik net dot ik et idder hôn ha in dut mot sodwaande myn easte kear west ha, un hiel belangryk eagenblik yn myn libben. Noe dot ik et proeget ha in wit dot et echt is, seit et wêd mi folle mear wont ik kon mi noe un smaak dèbi betinke. Et leet mar wer iens sjean dot ik un erfaring bi un wêd ha mot om mi er wot bi foarstelle te konnen.

Ik ha net faak sokke lekkere huning iten. Et biewaaks is ytber for un mins.

Doe ik de raat iet, tôcht ik hêdop of luudop in sei tsjin uus tae dot de ôde Germanen dut ik iten ha motte. Ik fetelde him dot jo dut froeger ik iten ha sille in dot er net folle fon west in derom slim seldsaam west ha, dot jo út ‘e biekorven fekrigget ha sille mei et útreken fon ‘e bien trog un fjoer te maitsjen onder ‘e korf (yn ‘e beam?) wer de bien yn sieten. Yn miself stelde ik mi tògelyks un beeld for fon mede (huningdrank, de drank di de Goaden fon ‘e Germaanse ljoed drinke in wèmei de minsen tichter bi de Goaden te stean komme konne) dot makket wae fon huningraat. Dot mot mot echt smaitsje in dot sol ik ik iens maitsje, tôcht ik bi miself. Lêste maanden wae ik yn for olderhonde nie dingen in ha ik fon olles dien dot ik nog noait idder dien ha. Dut is myn tsjinwerrige gemoedstostond. Et sil morjen west ha om yn ‘e Germaanse tiid oan huning te kommen.

Et mot nei myn tinken net maklik te finen west ha yn et bos, mar ik tink dot de Germanen so wol har eigen wizen west ha sol om huning te finen wont jo slagge der wol yn om eroan te kommen, oas soaëden jo et net koeëd ha: os ik er iens bi stilstean, don betink ik mi dot de Germanen binen folget ha solle om bi har binekorf te kommen. Dot liket mi de ynfoudigste wize om er efter te kommen wer huning sit. Meschien omdot jo yn et bosk libben (et wae bosfolk) in et helendol fekoeëd (of fekend?) ha, koeëden de Germanen et bos ik wol so goed dot jo gewoan wisten wer de bien te finen wannen. Of et kon gewoan bi tofol west ho dot jo et fonen yn et bos in et don útreekten. Ho et ik wêze mei, huning wae for har un lekkerni in ik tink dot jo dut ollinnig op un gelegenthyd so as mei un folksfeest bruke (et wae ommes te kostber om te syltergjen). Ik ha dut ik wol tôcht: et wae un schien oerbos wer de Germaanse joed yn wennen in sodwaande dot der wol folle huning te finen west ha sil.

Mar don tôcht ik ik wer fon: der ha ik un hêde hole yn, wont ik ha self noait huning yn et bos fonen. Of soaëden de Germanen wot yn et bos opmorken ha konne dot ik noait opmorken ha? Ommes ik ha noait fon et bos libje motten mar jo wol. Meschien doe ik dot tôcht fon dot ik er un hêde hole yn ha, mitte ik te folle mei de tsjinwerrige wrôd wer nog net folle natuur oer is in dot os ik oannim dot ik wot fekead dog trog mei de maten fon noe te rekkenjen in derom os ik net so mei myn tsjinwerrige maten miet, ik tot (of to?) et ynsicht komme sol, et froeger hiel oas wae in de Germaanse joed libben yn un wrôd wer de natuur nog werklik oan ‘e macht wae. Trog et iten fon un huningraat (for ‘e easte kear yn myn libben, tink ik) koom et dot ik mi betôcht ho et west ha sol mei de Germanen in koeë ik mi ynlibje yn ho jo oan ‘e huning komen di jo noadig hinen om mede fon te maitsjen for har folksfeesten. Ik kon er wol seid wêze: de huningraat hat mi tichter bi de ôde Germanen brôcht omdot de erfaring fon ‘e lekkere smaak mi oan et tinken sette. Mei nie erfaring wodt un mins wizer.

Leave a Reply

Fill in your details below or click an icon to log in:

WordPress.com Logo

You are commenting using your WordPress.com account. Log Out /  Change )

Google photo

You are commenting using your Google account. Log Out /  Change )

Twitter picture

You are commenting using your Twitter account. Log Out /  Change )

Facebook photo

You are commenting using your Facebook account. Log Out /  Change )

Connecting to %s